Sluiter skriuwt Frisse Wind

It stêdhûs fan Harns
Boargemaster Sluiter fan Harns wol fan de riedsleden fan Frisse Wind witte oft se noch werom komme yn 'e ried. De trijekoppige fraksje boykottet al sûnt septimber de riedsgearkomsten. Oer de mail ha de riedsleden it bestjoer fan Frisse Wind witte litten net werom te kommen by de gearkomsten. Mar de gemeente wit offisjeel noch hieltyd fan neat.
Alle kearen wurde noch de stuollen en nammebuordsjes foar de fraksje klearset en krije se noch hieltyd fertroulike stikken foar de ried. De riedsleden krije dit wykein in brief fan de boargemaster.