Hylper fertocht fan autobrân

15 mrt 2013 - 11:37

De plysje fertinkt in 19-jierrige man út Hylpen fan it yn 'e brân stekken fan in auto yn Snits. Dy auto baarnde tongersdeitenacht út oan de Steenhouwerstrjitte. Flak nei de brân krige de plysje de melding dat de Hylper mei syn auto op de Alde Himdyk út de bocht flein wie.

By ûndersyk fan dat ûngelok kaam de brânstifting nei foaren. De man is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)