Petear Derksen en Veenstra

15 mrt 2013 - 10:33
  • Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean
  • Haadredakteur Johan Derksen fan Voetbal International

In delegaasje fan Voetbal International en Robert Veenstra hawwe freedtemiddei in petear op it kantoar fan VI yn Gouda. Johan Derksen en twa sjoernalisten fan VI, Tom Knipping en Iwan van Duren, sille Veenstra dan ynterviewe.

Veenstra spande koartlyn in koart pleit oan tsjin VI, omdat hy it net iens wie mei de ynhâld fan in artikel. Haadredakteur Johan Derksen makke him dêr net drok oer: 'Dat gebeurt 20 keer per jaar.' Tongersdei waard bekend dat it koart pleit net trochgie. Robert Veenstra hat it fertrouwen der mei VI út te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)