Aris ferliest fan Den Bosch

15 mrt 2013 - 06:31

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe tongersdei ferlern fan koprinner Den Bosch. Yn stadion de Maaspoort yn Den Bosch waard it 79-62. It grutste diel fan de wedstryd stie Aris sa'n tsien punten achter. Sân minuten foar de ein wisten de Ljouwerters dy achterstân werom te bringen nei sân punten, mar it slagge net dat troch te setten.

Kommende sneon krijt Aris Weert op besite, dêrnei hoecht de ploech twa wiken gjin wedstriden te spyljen. Dat hat ûnder oare te krijen mei de bekerfinale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)