Trein en bus better oanslute

Treinen en bussen yn it Noarden moatte yn de takomst better op inoar oanslute. Dat is de bedoeling fan ôfspraken dy't de trije ferfiersbedriuwen Qbuzz, NS en Arriva makke ha. Se sille ek sjen nei de ferskillen yn tariven. Ek komt der yn bus en trein mear ynformaasje oer fertragings.
Mei it projekt moat in reizger flugger en faker gebrûk meitsje kinne fan it iepenbier ferfier. De ferfierders prate der ynkoarten oer mei de provinsjes. Dy binne de opdrachtjouwer foar it iepenbier ferfier.