Jild foar ûntwikkeling LED

14 mrt 2013 - 21:08

In flinke ynvestearring fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij yn it Snitser bedriuw LED Light Europe moat der foar soargje dat der oer twa jier in grutte LED-fabryk boud wurdt yn Noard-Nederlân. LED Light Europe krijt jild fan de NOM om de kommende twa jier ûndersyk te dwaan nei nije foarmen en tapassings fan LED-ferljochting. Sa wurdt der bygelyks wurke oan LED-ferljochting foar boarplatfoarms.

Neffens LED Light Europe is der safolle ferlet fan nije LED-techniken dat der oer in pear jier in grut produksjebedriuw opset wurde kin. Mar foardat it safier is, moat der earst in soad ynvestearre wurde yn ûndersyk. Hoefolle jild LED Light Europe krekt krijt is net bekendmakke.

Trefwurden: 
LED NOM LED Light Europe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)