Damwand haven Harns ferfongen

Nije Willemshaven yn Harns © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De damwand yn de haven fan Harns dêr't de sneltsjinst fan en nei Skylge en Flylân oanleit, wurdt ferfongen. De damwand is hast fyftich jier âld en hat syn bêste tiid hân. Rykswettersteat begjint moandei mei de bou fan in tydlik oanlisplak op in oar plak yn de haven. Dêr kin fan ein maart ôf gebrûk fan makke wurde. Yn april wurdt dan begûn mei it wurk oan de damwand. Dat is yn juny klear.
Rykswettersteat besiket de oerlêst foar de reizgers safolle mooglik te beheinen. De tsjinstregeling feroaret yn alle gefallen net.