Caparis: goed draaid yn 2012

14 mrt 2013 - 16:21
  • Caparis

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat oer 2012 in folle better bedriuwsresultaat helle as oer 2011. It bedriuw einige yn 2012 59.000 euro yn de plus. Yn 2011 wie it resultaat hast 750.000 euro yn de min. De positive sifers komme foaral troch it weromdringen fan de bedriuwskosten en it binnenheljen fan mear klanten.

Yn de ôfrûne jierren kaam Caparis hieltyd faker yn it nijs fanwege miljoenetekoarten. Dat dit no net sa is, hat te krijen mei it feit dat de besunigings fan it Ryk op it beteljen fan de leanen net mear trochberekkene wurdt.

De acht gemeenten dy't oandielhâlder fan Caparis binne, betelje it tekoart dêrop fan 5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)