Ynternasjonaal debút Steegstra

Hessel Steegstra makket syn ynternasjonale debút as assistint-skiedsrjochter by it WK kwalifikaasjeduel Malta-Italië. De Snitser foarmet in team mei skiedsrjochter Serdar Gözübüyük en assistint Charl Schaap.
Steegstra is dwaande mei syn fiifde seizoen as assistint-skiedsrjochter. Sûnt 1 jannewaris stiet hy op de ynternasjonale list. "Ik wist dat it der oan siet te kommen, mar dat ik fuort in WK-kwalifikaasje wedstriid dwaan mei, is geweldich", sa seit Steegstra.