"Veenstra moat opstappe"

De direksje fan SC Hearrenfean en de ried fan kommissarissen fan de klup moatte opstappe, dat seit sponsor Klaas Rozema fan Holwert. Neffens Rozema, direkteur fan in grut transportbedriuw, is der sprake fan in bestjoerlike krisis en komt foarsitter Robert Veenstra ôfspraken net nei.
"In klup as Hearrenfean stie altiten bekend as earlik, mar dêr fernim ik op dit momint neat fan. It binne allegear freontsjes fan elkoar. Je kinne no wol ien fuortstjoere, mar dat jout neat. It is alles of neat!", sa seit Rozema.