'Moskeflapper' definityf ticht

14 mrt 2013 - 11:20
  • IBS Moskeflapper yn Hjerbeam
  • De Moskeflapper definityf ticht

Iepenbiere basisskoalle De Moskeflapper yn Hjerbeam giet definityf ticht. Der binne no noch mar santjin learlingen en dat binne der seis te min.

De basisskoalle hat yn syn bestean faak op it rantsje sitten, sa is der twa jier lang noch in soad aksje fierd om de doarren iepen te hâlden. De gemeenteried hat de sluting doe mei twa jier útsteld. Omdat De Moskeflapper no opnij te min learlingen hat, moat de skoalle no dochs ticht. Op 20 april wurdt der in reüny hâlden foar alle âld-learlingen fan de skoalle.

Belangstellenden kinne har hjirfoar opjaan by de webside fan de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)