Grutte kontrôle op oanhingers

14 mrt 2013 - 10:38

By in grutte kontrôle op oanhingweinen hat de plysje woansdei yn Harns in stellen oanhinger yn beslach naam. De gegevens op it kenteken kloppen net mei de oanhinger en it sjassynûmer en it typeplaatsje misten. De plysje kontrolearre 50 automobilisten mei in karre dy't op de A31 en it yndustryterrein rieden.

Ien bestjoerder moast syn oanhinger stean litte omdat de karre yn sa'n minne steat wie dat der net feilich mei riden wurde koe. De plysje skreau 20 boetes út foar û.o. glêde bannen, ferkearde kentekenplaten en stikkene ferljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)