Winst foar FrieslandCampina

14 mrt 2013 - 10:14

FrieslandCampina hat yn 2012 17% mear winst makke as yn it jier dêrfoar. De winst is groeid fan 216 miljoen euro nei 274 miljoen euro. De omset gie ek omheech: fan 9.6 miljard nei 10.3 miljard euro. Dat kaam foaral troch groei yn Azie. Yn Europa hat Friesland Campina hieltiid mear lêst fan húsmerken.

Dit jier set it suvelkonsern útein mei in grutte ynvestearrings fan mear as 150 miljoen yn de útwreiding en fernijing fan it fabryk yn Ljouwert. Dêr koene noch gjin neiere meidielings oer dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)