Lilkens oer deiopfang Tunen

13 mrt 2013 - 20:38

Omwenners fan De Tunen yn Ljouwert binne lilk oer de plannen fan de gemeente om de deiopfang yn de strjitte út te wreidzjen. Op dit stuit sitte der allinnich dakleazen, mar dêr soene yn de nije situaasje ek drugsferslaafden bykomme. Neffens de omwenners soe dat in soad oerlêst opsmite, lykas fernielings, drugsferkeap en leven. Ek ûndernimmers binne bot tsjin op de plannen om't it harren klanten kostje sil. Dy soene dan net langer nei de winkel doarre. In goeie 100 minsken kamen woansdei nei de ynformaasjebyienkomst oer de plannen.

Op de byienkomst die bliken dat minsken benammen benauwd binne foar in sitewaasje lykas goed 10 jier lyn. Doe sieten de dakleazen en de drugsferslaafden ek op ien lokaasje en dat soarge foar in soad oerlêst. Neffens opfangorganisaasje Zienn sil dat no hiel oars wêze. De groep is bot feroare en de begelieding is folle better.

De emoasjes rûnen heech op. Der wie ekstra befeiliging yn de seal om't der driichmails binnen kaam wiene by wethâlder Eckhart.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs tunen Deiopfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)