Undersyk nei ûngelok Bloemkamp

It deadlik ûngelok op 13 desimber 2012 mei in âldere deminte frou yn ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert, hie foarkaam wurde kind. Dat is de konklúzje fan in ûnôfhinkelike ûndersykskommisje dy't soarchgroep Plantein sels yn it libben roppen hat.
De frou gie mei de rolstoel nei de needútgong en ried doe by de trep del. Der siet wol in fear op de doar, mar dy gie fierste soepel, seit de ûndersykskommisje. Yntusken binne de doarren oanpast, mar de ûndersykskommisje wol ek dat de meiwurkers mear wach binne op sokke ûngelokken.