Mishanneler jout harsels oan

13 mrt 2013 - 16:29

De plysje hat de oare frou dy't fertocht wurdt fan de mishanneling fan twa homoseksuele manlju yn de trein fan Ljouwert nei Snits ek oanhâlden. It giet om in 18-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean. Sy hat harsels tongersdei oanjûn by it plysjeburo en is yn de sel set. Se soe de twa manlju - mei har 19-jierrige freondinne - oansprutsen, útskolden en misledige hawwe fanwege harren homoseksualiteit. De manlju waarden skopt, yn it gesicht klaud en slein. De froulju stapten út op it treinstasjon oan de Dr. Boumawei yn Snits.

De 19-jierrige fertochte waard sneon al yn har hûs yn Ljouwert oanhâlden. Sy sit ek fêst yn de sel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)