Oerfal foarkaam

13 mrt 2013 - 15:21

De plysje tinkt mei de oanhâlding fan in 23-jierrige man sûnder fêst wenplak in oerfal foarkaam te hawwen. De man soe in mielbringer fan it bedriuw yn Surhústerfean dêr't er earder sels wurke hie, oerfalle hawwe wollen. Hy woe him de beurs mei de dei-opbringst ôfpakke.

De plysje wie de man op it spoar kaam nei in tip fan in oare wurknimmer fan it bedriuw. De man stjoerde der ek berjochten oer fia syn mobile telefoan. De man koe tiisdei oppakt wurde yn in hûs yn Surhústerfean. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

Der fertochte hat ek noch likernôch 3500 euro oan boetes iepenstean. Boppedat moast er ek noch DNA ôfstean.

Trefwurden: 
Surhústerfean oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)