Fytser oanriden yn Harns

13 mrt 2013 - 15:01
  • Slim ûngelok yn Harns

In 76-jierrige fytser út Harns is woansdeitemiddei yn dyn eigen wenplak ferwûne rekke by in ûngelok. Hy waard oanriden troch in frachtauto dy't tebek ried. De 40-jierrige frachtweinsjauffeur út Easternijtsjerk hie de fytsende man oer de holle sjoen.

De man kaam ûnder de frachtauto telâne en rûn in grutte ferwûning oan syn skonk op. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat op it plak fan it ûngelok ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)