Twaspjalt oer skoallen Twizel

Yn Twizel is twaspjalt oer de takomst fan de twa basisskoallen. Iepenbiere basisskoalle De Lytse Wiman hat te min learlingen en moat ticht. Dêrom wurdt sjoen nei in nije gearwurkingsskoalle mei kristlike basisskoalle De Oanrin.
Twa wiken ferlyn hawwe tritich âlden fan dy kristlike skoalle witte litten dat sy problemen hawwe mei de gearwurking. Sy binne benaud dat de eigenheid fan de skoalle ferdwynt. Takom wike tongersdei stimme de âlden fan De Oanrin deroer oft de gearwurking wol trochgean moat. Dat soarget foar spannings yn it doarp.