Snitser skoalle nei Lagerhuis

13 mrt 2013 - 11:49

RSG Magister Alvinus yn Snits is tiisdei winner wurden fan de provinsjale foarronde fan Op weg naar Het Lagerhuis. It Stellingwerf Kolleezje út Easterwâlde waard twadde en it Lauwers Kolleezje út Bûtenpost tredde.

Sân Fryske skoallen hawwe yn it provinsjehûs debatearre oer aktuele kwestjes lykas de takomst fan it ljipaaisykjen. In sjuery fûn dat RSG Magister Alvinus de bêste debatskoalle fan Fryslân is. De skoalle docht no op 17 maaie mei oan de lanlike finale yn it VARA-programma Het Lagerhuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)