Krityk Elkien op hierferheging

De hierferheging tsjin it saneamde 'skeefwenjen' smyt yn Fryslân net folle op. In grutte mearderheid fan de Fryske hierders fertsjinnet net safolle. Dat seit direkteur Alex Bonnema fan wenningboukorporaasje Elkien. De hierferheging giet op 1 july yn.
Neffens Bonnema kin aanst yn Fryslân ek minder boud wurde. Dat hat minne gefolgen foar de boubedriuwen. Hy fynt it ek net goed dat hierders dy't it no al krap hawwe, in hierferheging krije.
In mearderhied yn de Earste Keamer gie tiisdei akkoart mei de hierferheging. De maatregel is bedoeld om minsken dy't wat harren ynkommen oangiet yn in te goedkeape hierwenning sitte sa fier te krijen dat sy in hûs keapje of in djoerdere, mooglik kommersjeel ferhierde wenning sykje. It jild dat de hierferheging opsmyt, moat de wenningboukorporaasjes brûke om in ekstra ryksheffing fan 1,75 miljard euro te beteljen. Korporaasjes yn it Noarden hawwe sein dat sy dêrtroch folle minder ynvestearje kinne. Minister Blok fan Wenjen ûntstriidt dat yn in brief oan de Twadde Keamer.