Scooter oanriden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige scooterrider út Sint Anne is tiisdeitejûn yn Ljouwert ferwûne rekke. Hy waard yn de Egelantierstrjitte oanriden troch in auto bestjoerd troch in man fan 77 jier út Ljouwert. De bestjoerder soe rjochtsôf slaan en krúste doe it njonkenlizzende fytspaad dêr't de scooter ried.
De scooterrider kaam te fallen by de oanriding. Hy moast foar behanneling nei it sikehûs ta.