Wurkûnderbrekking by Prins

Stakingsoerlis wurknimmers Prins Dokkum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Personiel fan Prins Dokkum leit woansdeitemoarn it wurk in tal oeren del. Op in byienkomst sille de bûnen mei de meiwurkers prate oer nije aksjes tsjin sluting fan it fangrailfabryk. De fakbûnen hawwe tiisdei opnij in petear hân mei de direksje oer in better sosjaal plan. De direksje hat foar de fjirde kear oanjûn dêr net oan mei te wurkjen en it besteande oanbod ynlutsen.
De produksje fan fangrails by Prins Dokkum wurdt troch it Noarske memmebedriuw Saferoad nei Dútslân of Poalen ferpleatst dêr't goedkeaper wurke wurde kin.