Auto op 'e kop yn sleat

13 mrt 2013 - 09:50

In 25-jierrige frou út Stiens is woensdeitemoarn op de Hamerenwei yn Froubuorren mei de auto oer de kop slein. Sy seit dat se fjirtich kilometer yn 'e oere ried, doe't de auto troch de glêdens fuortglide. De frou bedarre mei de auto op de kop yn 'e sleat.

De frou koe sels út de auto weikomme. Sy is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht. De auto is fuortsleept.

Trefwurden: 
auto sleat Froubuorren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)