Seizoen Unis Flyers sit derop

12 mrt 2013 - 22:32

Foar de Unis Flyers sit it seizoen derop. De Feanster iishockeyers ferlearen ek de tredde play-off wedstriid yn de heale finale om it kampioenskip fan Nederlân fan Tilburg. Yn Noard-Brabân sette Kevin Bruijsten de Flyers op foarsprong. Nei de lykmakker fan de thúsploech yn de twadde perioade, soarge Gerald Pollastrone mei twa goals foar de 1-3. It waard 2-3 en doe sloech Tilburg yn de lêste perioade ta. Op 4-3 waard Flyers-keeper Martijn Oosterwijk fan it iis helle. De lykmakker foel net, Tilburg fûn de lege goal en pakte de winst mei 5-3.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)