Vitens net te berikken

Ynwenners fan Ljouwert hawwe massaal wetter ynslein. Binnen in healoere wiene yn in grut tal supermerken en by de benzinepompen de skappen leech. Ljouwert en in tal omlizzende doarpen waarden fan 'e jûn troffen troch in grutte wettersteuring. De steuringsnûmers fan Vitens wiene oerbelêste. Ek de meldkeamer fan de plysje waard plat belle. By Vitens wie lykwols net ien te berikken. De gemeente Ljouwert hie in krisissintrum ynrjochte yn it stedskantoar yn Ljouwert. Yntusken binne de swierrichheden mei de wetterlieding wer oplost.