Gjin wetter yn Ljouwert

12 mrt 2013 - 19:26

Ljouwert hat de hiele tiisdeitejûn lêst hân fan in wettersteuring. Der is in wetterlieding sprongen oan de Planetenlaan, in transportlieding tusken Noardburgum en Ljouwert. Der kamen meldings út de hiele stêd, mar ek út doarpen om de stêd hinne lykas Goutum en Tytsjerk, dêr't gjin wetter út 'e kraan kaam. It MCL sikehûs lit witte in wetterfoarried foar teminsten in dei te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)