Nije rotonde yn sintrum Snits

Der komt in rotonde op de Oosterpoortsbrêge yn Snits. De binnenkomst fan it sintrum fia de Ljouwerterdyk komt der hiel oars út te sjen. Folle mear beammen en grienstroken. Op de krusing wurdt no noch gebrûk makke fan ferkearsljochten, mar dy ferdwine.
Fierder wurdt de rotonde en in lêste part fan de Ljouwerterdyk shared space en dat betsjut dat kuierders, fytsers en automobilisten likefolle rjochten ha. Alles makket gebrûk fan deselde dyk. It wurk moat yn 2014 klear wêze en kostet 1.7 miljoen euro.