Kooyenga Groep yn reade sifers

12 mrt 2013 - 15:39

De Kooyenga Groep yn Dokkum hat de ôfrûne twa jier reade sifers skreaun. Yn 2011 wie it ferlies 1,7 miljoen euro, yn 2012 wie dat 7 ton. Oarsaak is de ekonomyske krisis. Kooyenga ferhiert tydlik minsken oan oerheden yn hiel Nederlân. Dy oerheden hierden de ôfrûne jierren minder minsken fan bûten yn, wêrtroch in part fan it persoaniel fan Kooyenga langere skoften thús siet.

Kooyenga hat op dit stuit sa'n 250 man yn tsjinst. Om de kommende jierren op winst út te kommen, freget it bedriuw it persoaniel dat thús sit om sels nei wurk te sykjen.

Dêrneist wurdt meiwurkers frege oft se ree binne lean yn te leverjen. Eerder gie it lean fan de direksje al nei ûnderen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)