Multy-sportsintrum by iishal

12 mrt 2013 - 15:35

Der binne plannen om by de nije Ljouwerter iishal in multyfunksjoneel sportsintrum te meitsjen. Dy plannen komme fan de Stichting MIC Friesland en Proplan Ontwikkeling. Sa'n sportsintrum makket de eksploitaasje makliker en soarget foar mear wurkgelegenheid. It idee is dat dizze foarsjennings it hiele jier brûkt wurde kinne en dat makket it sintrum mear rendabel as allinnich in iishal.

De plannen wurde dizze wike nei de Ljouwerter gemeenteriedsfraksjes stjoerd. Om it noch mei te nimmen yn de plannen foar de iishal is net folle tiid mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)