'Rjochtsaak kin twa kanten op'

12 mrt 2013 - 15:19

De rjochtsaak fan SC Hearrenfean tsjin Voetbal International kin beide kanten op. Dat seit Anton de Haan, advokaat yn it sportrjocht. Op foarhân is neffens him net te sizzen wat de rjochter beslute sil.

Hearrenfean is fan miening dat Voetbal International gjin hoar- en wederhoar tapast hat. As dat kloppet, kin de rjochter bepale dat VI rektifisearje moat', seit De Haan. 'Mar it kin ek wêze dat beide partijen mei elkoar skikke en dat der hielendal gjin útspraak komt.'

Anton de Haan is net op de hichte fan de details yn de saak, mar folget it fanút syn fak op ôfstân mei in soad ynteresse.

De Haan tinkt net dat de ried foar sjoernalistyk der letter ek noch oan te pas komt. 'Dy kinne har wol útsprekke, mar gjin sanksjes oplizze.' Hearrenfean hat in twangsom fan maksimaal 500.000 euro easke as der gjin rektifikaasje komt en allinnich de rjochter kin sa'n twangsom oplizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)