Problemen foar de eskebeam

12 mrt 2013 - 13:55
  • Beam

It giet net goed mei de esk yn Fryslân. In soad beammen hawwe de skimmel Chalara fraxinea, dy soarget derfoar dat in beam siik wurdt, ferswakt rekket en úteinliks dea giet. Der is neat te dwaan oan dizze skimmel. De eskeboskjes binne yn Fryslân foaral yn de jierren santich en tachtich ûntstien yn de buert fan doarpen. Steatsboskbehear hopet dat sa'n 15% fan de esken frijbliuwt fan de skimmel.

De les foar de nateurbehearders is om allinnich boskjes oan te lizzen dy't bestean út meardere beamsoarten. Dan ferdwynt net in hiel bosk yn ien kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)