Yn berop tsjin útspraak Haren

Rellen Haren
It Iepenbier Ministearje giet yn berop tsjin de útspraak fan de rjochter tsjin in 18-jierrige Boalserter yn ferbân mei de rellen yn Haren fan septimber ferline jier. De rjochtbank feroardielde de man út Boalsert moandei ta 240 oeren wurkstraf. It Iepenbier Ministearje easke in jier selstraf.
De Boalserter waard troch de rjochter frijsprutsen fan it bringen fan de Hitlergroet. Ek tsjin dy útspraak giet it Iepenbier Ministearje yn berop.