Westst'werf: 1,5 miljoen snije

12 mrt 2013 - 12:17
  • Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf moat de kommende jierren opnij besunigje. It giet om oardel miljoen euro. Earder moast de gemeente al 4 miljoen besparje. Weststellingwerf besuniget oant 2017 û.o. op it skoalswimmen, de biblioteken en de skuldhelpferliening. Fierder giet de ûnrepliksaakbelesting omheech. De gemeente besuniget ek op de eigen organisaasje, it giet dan bygelyks om stúdzjekosten foar it personiel.

Dêrneist sil sjoen wurde nei enerzjysunige maatregels op it mêd fan iepenbiere ferljochting. De gemeenteried praat der yn april oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)