Noch mear gedoch Schatzenburg

Bungalowpark Schatzenburg giet kapot as de ferskillende partijen der net yn slagje it iens te wurden. Der is spul tusken in pear eigners fan bungalows en de bedriuwslieder fan it park Ron van Booma. Ferline wike makke de eigner fan it swimbad bekend dat it bad dit jier ek net iepen giet en ek dat hat te krijen mei rúzje tusken him en Van Booma.
De situaasje sit yn in ympasse en dêr binne de eigners fan de bungalows de dupe fan. Troch it harsensskrabjen rint it park imagoskea op en dat is te fernimmen oan de ferkeap en ferhier fan bungalows.
Eigner Bernard Veerman tinkt der oer nei om syn bungalow te keap te setten. Neffens him moat de gemeente mei de fûst op tafel slaan om de partijen byelkoar te krijen.