Mooglik hûneferbod Bakkefean

Natoergebiet Mandefjild by Bakkefean wurdt mooglik ferbean foar hûnen. Moandei is foar de safolste kear in skiep biten troch in hûn. It skiep makket diel út fan in keppel dy't wol faker slachtoffer is fan hûnen. It Fryske Gea hat de smoar yn oer it ynsidint. In soad skiep moatte ynkoarten lamje.
It Fryske Gea rôp dit wykein noch by Omrop Fryslân op om op te passen mei hûnen by de keppel skiep, want it giet fierstente faak mis. It Gea tinkt op dit stuit nei oer maatregels.