Sniedunen op Fryske eilannen

11 mrt 2013 - 19:35
  • Griene Strân Skylge (foto: Sytse Schoustra)
  • Dunen Skylge (foto: Sytse Schoustra)
  • Sniedunen op Skylge (foto: Sytse Schoustra)

Der is moandei behoarlik wat snie fallen op de Waadeilannen. Benammen op Flylân en Skylge foel in soad snie. Dêr lizze op dit stuit sniedunen fan in heale meter.

Op It Amelân en Skiermûntseach leit ek in laach snie, mar dêr is al minder fallen as op de oare beide Fryske eilannen. Neffens waarman Piet Paulusma hie foaral de Fryske kust te krijen mei sniefal. Yn de rest fan de provinsje foel net safolle snie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)