Gjin fergoeding foar Sjaloom

11 mrt 2013 - 15:29
  • De fersekering wol de útslaande brân fan juny 2012 net fergoedzje

De fersekerder fan útjouwerij Sjaloom wegeret de skea fan de grutte brân ferline jier oan de Marconistrjitte yn Harns út te beteljen. By dy brân giene 50.000 berneboeken ferlern. Neffens fersekerder Generali hat de eigener de brân sels oanstutsen.

Omdat de bedriuwsfiering stil kaam te lizzen is útjouwerij Sjaloom no fallyt. De eigener ûntkent de brân oanstutsen te hawwen. Ek it plysje-ûndersyk kin gjin dúdlike oarsaak fan de brân oanwize. Kurator Oudman fan De Jouwer tinkt der no oer om nei de rjochter te stappen.

Troch de útkearing fan it fersekeringsjild soene guon skuldeaskers faaks dochs noch wat jild werom krije kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)