Grêftsmiters: jier sel easke

11 mrt 2013 - 15:22

It Iepenbier Ministearje hat moandei in jier sel easke tsjin de trije manlju dy't derfan fertocht wurde trije oare minsken yn in grêft yn Ljouwert treaun te hawwen. Ek easket it IM in skeafergoeding fan 2500 euro foar de slachtoffers.

De fertochten binne twa Ljouwerters fan 21 en 25 jier en in man (40) út Assen. Dy soene yn de jierwiksel fan 2011 op 2012 trije minsken yn de grêft op de Foarstreek treaun hawwe. Neidat de slachtoffers yn it wetter fallen wiene, waarden se ek noch bekûgele mei stiennen en fytsen.

Ien fan de fertochten sprong sels it wetter yn om in slachtoffer kopke ûnder te triuwen. Foar de Ljouwerters sitte der noch wol betingsten oan de eask fan it IM. Sa wurdt it foararrest fan de 21-jierrige Ljouwerter fan de selstraf ôflutsen as it oan it IM leit. Foar de 25-jierrige Ljouwerter binne twa fan de 12 moannen yn de eask op betingst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)