'Ek fuotbalje yn Oranjewykein'

11 mrt 2013 - 14:40
  • SC Cambuur

Cambuur-direkteur Van den Belt wol dat yn de wykeinen dat it Nederlânsk alvetal spilet de wedstriden yn de Jupiler League gewoan trochgeane. No is it noch sa dat alle klups yn dy wykeinen frij hawwe, mar neffens Van den Belt is dat net logysk.

Der fuotbalje gjin spilers fan de Jupiler League by Oranje en sadwaande soene dy gewoan foar har klup útkomme kinne. Sa soe der mear romte komme yn it drokke wedstrydskema fan de Jupiler League. Bygelyks foar ynhelwedstriden. Cambuur moat op dit stuit noch trije wedstriden ynhelje.

Yn it reguliere wedstriidskema is dêr eins gjin romte foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)