Wurkstraf foar rellen yn Haren

11 mrt 2013 - 14:15

De rjochtbank yn Grins hat in Boalserter (18) feroardiele ta 240 oeren wurkstraf en in selstraf ûnder betingst. De man wurdt der troch it Iepenbier Ministearje fan fertocht in haadrol spile te hawwen by de rellen yn Haren fan septimber ferline jier. It Iepenbier Ministearje easke dêrom in selstraf fan in jier.

Mar neffens de rjochtbank is de man net as haadfertochte oan te wizen en wiene in hiel soad minsken ferantwurdlik foar de rellen. De Boalserter komt wol ûnder tafersjoch fan de reklassearring. De man flechte earder nei it bûtenlân.

Hy die dat om syn straf te ûntrinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)