FK foar drakeboaten yn Kollum

Yn Kollum wurdt op 22 juny de earste edysje fan de Fryske kampioenskippen drakeboatraces hâlden. De organisaasje is yn hannen fan ûnder oare pleatslik belang Kollum, de ûndernimmersferiening yn it doarp en de gemeente Kollumerlân.
It giet om in ferfolch op de drakeboatraces dy't ferline jier by Sail Kollum hâlden waarden.