Grêftsmiters foar de rjochter

11 mrt 2013 - 12:22

De trije manlju dy't fertocht wurde fan swiere mishanneling yn Ljouwert yn de jierwiksel fan 2011 op 2012, steane moandei foar de rjochter. It giet om twa Ljouwerters fan 21 en 25 jier en in man (40) út Assen. Sy soene trije minsken yn de grêft op de Foarstreek yn Ljouwert treaun hawwe. Neidat de slachtoffers yn it wetter fallen wiene, waarden se bekûgele mei stiennen en fytsen.

Ien fan de fertochten soe sels de grêft ynsprongen wêze om in slachtoffer kopke ûnder te drukken. De fertochten joegen sels in oare lêzing fan wat der bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)