Drankrider flugger as plysje

11 mrt 2013 - 12:01

De plysje hat sneintenacht nei in achterfolging in ynwenner (34) fan Feanwâlden oppakt. Plysjes seagen even nei twa oere in auto mei hege snelheid oer it Wyldpaed by Twizelerheide riden. Doe't de plysje de bestjoerder kontrolearje woe, naaide dy hurd út.

Yn Feanwâlden rekke de plysjes de auto kwyt. Dy waard werom fûn op it terrein fan in boubedriuw. Spoaren yn de snie lieden nei in frou dy't har ferstoppe achter pûden mei pún. Koart dêrnei waard ek de bestjoerder fûn. Op it plysjeburo die bliken dat er fierstente folle dronken hie.

De automobilist sit fêst. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)