Net troch read by ambulânse

11 mrt 2013 - 10:45
  • De ambulânse stiet klear by it plak fan it ûngelok

Autoriders witte net goed wat se dwaan moatte as der in ambulânse, plysje- of brânwachtauto mei swaailjocht en sirene achter har rydt. Dat blykt út ûndersyk fan it Nationaal Instituut Fysieke Veiligheid(NIFV). Meie je troch read ride om in brânwachtauto mei sirene foarrang te jaan? Nee, dat mei net. Mar 73 % fan 'e autoriders tinkt fan wol.

Hurder ride om in ambulânse de romte te jaan, mei dat? Ek dat mei net. Mar mear as de helte tinkt fan wol. It ûndersyk fan it NIFV is dien om it ferkear better warskôgje te kinnen foar helptsjinsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)