Echtpear ferwûne by ûngelok

11 mrt 2013 - 10:22
  • By it auto-ûngelok rekke in echtpear út Mildaam swier ferwûne

In echtpear út Mildaam is sneintejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok by Makkingea. De auto fan de man (70) en syn frou (72) waard op de krusing fan de Prikkedaam en de Grindwei yn de flank rekke troch in oare auto. Dy waard bestjoerd troch in ynwenner fan Tsjalbert (36). It echtpear hie swiere ferwûnings en waard nei sikehuzen yn Grins en Drachten brocht.

De man út Tsjalbert rekke licht ferwûne. De plysje ûndersiket de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)