Akwadukt Langdiel opknappe

11 mrt 2013 - 09:52
  • It akwadukt by it Langdiel

It akwadukt Langdiel yn de Wâldwei moat hersteld wurde. It beton boppe ien fan de pylders is oantaast. Om goed by it plak komme te kinnen moat de bak fan it akwadukt 4 milimeter optild wurde. Dêrfoar wurdt de kommende tiid in grutte stielen konstruksje opboud.

Fanwege dat opbouwen, mar ek fanwege it wurk sels, moat it ferkear rekken hâlde mei opûnthâld. Sa mei der in tal wiken minder hurd riden wurde. Ek wurdt in tal dagen de rjochterrydstrook ôfsletten. It skipfeartferkear sil gjin lêst fan it wurk hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)