'No net beslute oer iishal'

11 mrt 2013 - 08:28

It beslút oer de bou fan in nije iishal yn Ljouwert, moat útsteld wurde. Dat fynt de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij is it polityk en finansjeel ûnferantwurde om no sa'n beslút te nimmen.

Friese Koers wiist op it feit dat de KNSB ein maaie bekend makket hokker iisstadion yn Nederlân de topsportstatus krijt. Neffens Friese Koers bestiet it risiko dat Fryslân dalik twa nije iishallen hat, sûnder dat Thialf de ynternasjonale toernoaien organisearje mei. De fraksje foarseit yn sa'n gefal grutte tekoarten by beide iishallen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)