Stroetinga wint WB massastart

10 mrt 2013 - 18:35

Arjan Stroetinga hat snein by de wrâldbekerfinale yn Thialf de wrâldbeker pakt op it ûnderdiel massastart. Stroetinga moast yn de lêste wedstriid fan it seizoen de winst litte oan de Belch Bart Swings. Dochs behold er mei in tredde plak de lieding yn it einklassemint. De rider fan Waskemar sammele 330 punten, Swings hie tweintich punten minder.

By de froulju gong de winst op It Fean nei Irene Schouten. Bo-Reum Kim fan Súd-Koreä wûn it klassemint, foar Mariska Huisman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)