LDODK wint kuorbalthriller

10 mrt 2013 - 18:17

De kuorballers fan LDODK ha yn in wiere thriller mei 21-18 wûn fan Nic. Yn de eigen hal wie de spanning by de beide degradaasjekandidaten om te snijen. Nettsjinsteande de druk wist LDODK foar it skoft in lytse 9-7 foarsprong te pakken.

Nei rêst kamen de gasten út Grins wer op likense hichte, wêrnei't in senuwslopende einstriid begong. By in stân fan 16-16 wienen it André Zwart en Menno Russchen dy't LDODK opnij op foarsprong setten. Mei noch ien minút te gean brocht dyselde Zwart it publyk yn ekstaze mei syn ferlossende treffer.

Troch de winst is LDODK sa goed as wis fan hanthavening yn de kuorbal league. Mei noch trije wedstriden te gean hat LDODK fiif punten foarsprong op Nic. In geweldige prestaasje foar de debutant, dy't as earste Fryske kuorbalploech op it heechste nivo yn de kuorbalwrâld aktearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)